Lichtlijnig

Tag: bûrendiken

LF2018 is begoun

by on jan.27, 2018, under ditjes & datjes, Fryslân, kunst & cultuur, landschap

It hat efkes duorre, mar nei jierren fan organisaasje en tarieding is it dan dochs sa fier: Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa 2018 is begoun. De offisjele iepening is jûn pas, mar yn feite ha tûzene skoalbern justermiddei it startsein al jûn troch rûnom yn de provinsje tagelyk it klublied “Seis oere thús” fan LF2018 te sjongen. Dêrnjonken binne der justerjûn op alderhanne plakken moaie en spannende ferhalen ferteld.

Ik moat earlik sizze dat ik der de ôfrûne jierren net altyd likefolle betrouwen yn hawn ha, mar ik ha wol it gefoel dat it no rûnom yn’e provinsje echt begjint te brûzjen. Neidat ik it programma fan LF2018 earder al ris besjoen hie op de webside, ha ik juster de app LF2018 op myn tillefoan en iPad ynstallearre. No, ik kin jim sizze dat jo der wol dwyl fan yn’e holle wurde kinne, safolle is der fan’t jier te dwaan yn ús moaie Fryslân. It hat der alle skyn fan dat LF2018 echt in prachtich jier fan, foar en troch ús Fryske mienskip wurdt.

Ik sil besykje om der sa no en dan ris earne in krintsje út te pakken …

LF2018 is begonnen

Het heeft even geduurd, maar na jaren van organisatie en voorbereiding is het nu dan toch zo ver: Leeuwarden-Fryslân Culturele Hoofdstad van Europa 2018 is begonnen. De officiële opening is weliswaar pas vanavond, maar eigenlijk hebben duizenden schoolkinderen gistermiddag al het startsein gegeven door overal in de provincie gelijktijdig het clublied “Seis oere thús” van LF2018 te zingen. Daarnaast zijn er gisteravond op allerlei plaatsen rondom in de provincie mooie en spannende verhalen verteld.

Ik moet eerlijk zeggen dat ik er de afgelopen jaren niet altijd evenveel vertrouwen in heb gehad, maar ik heb het gevoel dat het nu toch echt begint te bruisen in de provincie. Nadat ik eerder deze week het programma van LF2018 al eens op de website had bekeken, heb ik gisteren de app LF2018 op mijn telefoon en iPad gezet. Welu, ik kan je vertellen dat het me bijna begon te duizelen, er valt dit jaar ongelooflijk veel te zien en te beleven in ons mooie Fryslân. Het lijkt erop dat LF2018 echt een prachtig jaar van, voor en door de Friese gemeenschap wordt.

Ik zal proberen zo nu en dan ergens een krentje uit de pap te vissen …

Leave a Comment :, , , , , , , , , , , , , , more...

Zoekt u iets?

Gebruik het zoekveld om de site te doorzoeken:

Nog niet gevonden wat u zocht? Schrijf een reactie bij een bericht of neem contact op via de e-mail!