Lichtlijnig

Archive for februari 21st, 2011

Dag van de moedertaal

by on feb.21, 2011, under ditjes & datjes, natuur, vogels

It is hjoed de “Dei fan de memmetaal“. Dizze dei is troch de UNESCO yn it libben roppen en stiet yn it teken fan it taalkundige en kulturele ferskaet. Foar de UNESCO binne talen it instrumint om it kulturele erfguod yn libben te hâlden. Troch de memmetaal yn eare te hâlden, bliuwt de taalkundige en kulturele tradysje bestean, en wurdt men him bewust fan de ferskillen tusken de ferskate minskengroepen. Dit soe liede ta mear begryp.

Foar my is it Frysk de memmetaal. Dêrom skriuw ik myn stikje hjoed mar ris yn it Frysk. Dat jowt ek wat tsjinwicht tsjin de ûntjowing dat der de lêste tiid stadichoan mear Nederlanske weblogs binne dy’t oergean op it brûken fan de Ingelske taal. Ik fyn dat skande, want wy moatte wiis wêze op ús beide rykstalen. We ha der úteinlik mar twa: it Nederlânsk en it Frysk, en we moatte op beide sunich wêze. Mar goed, dat moat elkenien ek sels mar witte.
Jim witte no yn elts gefal hoe’t ik der oer tink. 🙂

Hawar, genôch eamele …, litte we it mar oer de foto’s ha.
Ferline wike tongersdei seach ik yn’e omkriten van Aldeboarn in pear swannen yn in feart …

In eintsje fierder sette ik de auto yn’e berm, en wylst ik werom rûn nei de swannen, makke ik al fêst in foto fan de lêste swan. Fuort neidat ik dy earste foto makke hie, gyngen de trije oare swannen in eintsje fierderop mei in soad leven op’e wjuk …

Om net yn oanrekking te kommen mei de beammen, draaiden se fuortendalik doe’t se út it wetter wiene nei rjochts. In swan dy’t oan de oare kant fan’e dyk yn’e greide siet, sette it op in draven doe’t de trije swannen oer him hinne fleagen. Doe’t er genoch gong hie, gyng ek dizze swan de loft yn…

Twa by twa fleagen se leech oer it lân fuort. Ik koe beide spantsjes noch in skoft neisjen …

It wie net myn doel om dy moaie grutte fûgels skrik oan te jeijen, mar it hat my wol wer in pear aardige plaatsjes opsmiten …

No jim ha it wol begrepen, tink?
Ja, it falt ek wol in slach ta, as jo Ingels kinne, dan is it Frysk ek wol te dwaan … 🙂

Leave a Comment :, , , , , , more...

Zoekt u iets?

Gebruik het zoekveld om de site te doorzoeken:

Nog niet gevonden wat u zocht? Schrijf een reactie bij een bericht of neem contact op via de e-mail!